6 jongeren oppakt by brân

15 jan 2012 - 13:51

De plysje hat sneontejûn oan de Frisia yn Drachten seis jongeren oppakt op fertinking fan brânstifting. It giet om fiif Drachtsters fan tusken de 12 en 16 jier en om in Sweachster(13).

In tsjûge hie sjoen dat de jonges de doar fan in skoalle wiet makken en yn brân stutsen. Hy warskôge de plysje, dy't de jonges fuortendaliks oanhâlde koe. De jonges waarden op it plysjeburo heard yn oanwêzigens fan harren âlders. Der waard ek proses-ferbaal tsjin harren opmakke. De skoalle moat noch oanjefte dwaan.

Der ûntstie skea oan de doar fan de skoalle en oan in kezyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)