Hoareka yn De Skierstins

15 jan 2012 - 11:10
  • De Skierstins yn Feanwâlden

De gemeente Dantumadiel giet op syk nei in profesjonele útbater foar in nije hoarekafoarsjenning yn De Schierstins yn Feanwâlden. It 14-ieuske monumint docht op dit stuit tsjinst as kulturiel sintrum, mar foldocht net mear oan de easken fan de tiid. Sa binne der gjin goeie húskes en mist der in garderôbe. Ek is der gjin mooglikheid foar in hapke of in drankje.

De gemeente wol 150.000 euro beskikber stelle foar de ferbou fan it monumintale pân, mar stelt wol as betingst dat der ek lytsskalige hoareka yn komt.

De hoareka soe yn hannen komme moatte fan in profesjonele krêft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)