Dún fuortslein op Skylge

© Carel Schut
Der is yn de ôfrûne twa wiken mei de hurde wyn hast fiif bunder dúngebiet ferlern gien op de Boschplaat op Skylge. Dat hat it Platform Duurzaam Landschap Terschelling neimjitten.
Yn de lêste twa moanne fan ferline jier wie der ek al 12,5 hektare yn see ferdwûn. Neffens it platform heart dúnôfslach by de natuerlike gong fan saken, mar giet it tsjintwurdich troch minsklik yngripen wol folle rapper.