Snitser oanhâlden yn Assen

De plysje hat moandeitejûn yn Assen in 22-jierrige man út Snits oanhâlden foar mishanneling. Hy hie in 51-jierrige ynwenner fan Assen slein by in ferkearsrúzje. De Assenaar ried oer de A28 fanút Beilen en helle in frachtwein yn, wylst de Snitser him foarby woe. Op de krusing fan De Haar mei de Europaweg-Zuid yn Assen, blokkearde de Snitser de dyk wêrnei't er útstapte en op de Assenaar ôfstapte. Dêr soe hy de man út Assen mishannele ha. Nei it ynsidint ried de Snitser fuort. Hy is letter op in camping troch de plysje oanhâlden.
De man hat yntusken syn kant fan it ferhaal ferteld. De plysje ûndersiket de saak en is op syk nei tsjûgen fan it ynsidint.