Nije termyn foar Ravestein

02 jul 2013 - 10:04

Boargemaster Francisca Ravestein fan Opsterlân wurdt foardroegen foar werbeneaming. Dat hat de gemeenteried moandeitejûn besletten. Francisca Ravestein is sûnt jannewaris 2008 boargemaster fan Opsterlân. Jannewaris takom jier rint har amtstermyn ôf. It foarstel foar de beneaming fan in nije termyn giet nei kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Dy stjoert it mei in advys troch nei de minister fan Ynlânske Saken. Boargemaster Ravestein is 60 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)