CDA wol pilot technykûnderwiis

01 jul 2013 - 21:07

It CDA yn de steaten fynt dat der in pilot komme moat foar in Frysk Technysk Underwiisplatfoarm, de saneamde F-top. Dit platfoarm moat de kleau tusken fakminsken en arbeidsmerk lytser meitsje. Wurkleazen soene kursussen folgje kinne by bedriuwen, sadat har feardigens op peil bliuwt en de minsken maklik oan de slach komme kinne as der fakatueres binne.

CDA-steatelid Teus Dorrepaal is der fan oertsjûge dat de wurkgelegenheid yn de technyk de kommende jierren wer tanimme sil. It CDA wol fiif miljoen euro yn de F-top ynvestearje.

De F-top soe de kommende hjerst al útein sette kinne mei in pilot. It Frysk technysk ûnderwiisplatfoarm soe dan mei yngong fan skoaljier 2014-2015 folweardich draaie moatte. De CDA-fraksje yn de steaten docht dit foarstel fanwege de behanneling fan de kadernota no woansdei. De provinsje Fryslân wol, lykas bekend, sa'n 300 miljoen euro ynvestearje yn it fersterkjen fan de Fryske ekonomy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)