NDC nimt Frysk Deiblêd oer

It Frysk Deiblêd wurdt oernaam troch de Noordelijke Dagblad Combinatie, de útjouwer fan Ljouwerter Krante en Dagblad van het Noorden. Dat hawwe de meiwurkers fan beide mediabedriuwen moandei te hearren krigen. De titel fan it Deiblêd bliuwt bestean, mei syn eigen kristlike identiteit. De NDC nimt it FD oer om it sjoernalistike ferskaat en om de drukoarder fan it FD te garandearjen.
It FD wurdt printe op de parsen fan de NDC, as it FD ferdwynt rint de NDC in gat yn de eksploitaasje op.
Doel is dat noch dit jier it FD folslein yn de NDC opgiet.