Westra: etappe wie training

Lieuwe Westra is moandei 136ste wurden yn de tredde etappe fan de Tour de France. Dy wie op Korsika en gie fan Ajaccio nei Calvi. In grut part fan de etappe ried Westra yn de kopgroep fan fiif man, mar 15 kilometer foar de ein waarden Westra en syn flechtmakkers ynhelle troch it peloton. De rit waard úteinlik wûn troch de Australiër Gerrans, foar de Slowaak Sagan.
Westra sels liet it peloton gean en kaam 8 minút en 26 sekonden letter oer de einstreek as de winner. Yn in earste reaksje sei er dat er dizze etappe as training seach.
De hurdfytser fan De Tynje is noch herstellende fan in skuorde rib. Dat wie it gefolch fan in fal yn it Critérium du Dauphiné, goed trije wike lyn.