Lansearre troch heuvel yn dyk

By wetterpark Yn 'e Lijte yn Grou is snein foar de sechde kear yn in pear moanne tiid in fytser fallen. It giet om in famke fan 6 jier. De ûngelokken barre troch de ferkearsremjende heuvels dy't yn de dyk sitten. Dizze drompelkes komme fuortendaliks nei de ôfdaling fan de brêge. De fytsers ride dan faak hurd as se oer de heuvelkes hinne geane en wurde dan lansearre.
Njonken de dyk stiet Restaurant Oan 't Wetter. Restauranteigener Peter Wouters wie der snein gau by nei't it famke fallen wie. It famke wie bot skrokken, mar makket it goed.