Personiel winkel stikem filme

01 jul 2013 - 16:27
  • Meubelsaak

Ferkeapers fan Home Center Wolvega en Woonboulevard Leeuwarden binne neffens fakbûn FNV Bondgenoten sûnder tastimming filme troch in saneamde mysteryshopper. De wurkjouwer die dat om it personiel te trainen. It fakbûn ropt de minsken op har te melden by it College Bescherming Persoonsgegevens, want der soe tsjin regels hannele wêze.

Direkteur Sikko Kapenga fan Home Center Wolvega skrikt fan de beskuldigings. Hy ûntkent perfoarst dat der regels oertrêden wurde. Neffens him binne de 40 ferkeapers dêr't it om giet wol om tastimming frege.

Acht minsken hawwe doe beswier makke en binne neffens Kapenga ek net filme. Twa minsken ha nei it filmjen beswier makke. Gea Lotterman fan FNV Bondgenoten seit dat hieltiten mear wurkjouwers te fier gean yn dit soarte saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)