Harense Smid fallyt

01 jul 2013 - 14:25
  • Harense Smid yn Ljouwert

De elektroanikaketen Harense Smid is moandei fallyt ferklearre. Yn Fryslân sitte festigingen yn Ljouwert, Drachten en op It Hearrenfean. De resesje is de oarsaak fan it fallisemint. Lanlik wurkje goed 550 minsken by de Harense Smid. Sy steane allegear op strjitte. Der wurdt wurke oan in trochtstart, neffens de kurator kin dy mei in pear dagen plakfine. Oant it safier is, binne de winkels ticht.

It is ûndúdlik oft alle winkels oernaam wurde en oft al it personiel mei oer kin.

Ferline jier giene yn it Noarden fan it lân al 13 festigingen ticht en krigen goed 130 minsken dien. De Harense Smid hat in skuld fan 10 oant 12 miljoen euro by de bank, de belesting en ferskate leveransiers. Der steane noch tûzenen bestellingen út.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)