Mear ûndersyk nei deade poppe

01 jul 2013 - 14:08

It resjerzjeteam dat ûndersyk docht nei de dea fan de 8 moannen âlde poppe út Ljouwert, is útwreide fan 8 nei 16 minsken. It is noch ûndúdlik wêr't it jonkje troch ferstoarn is. Dit wurdt noch fierder ûndersocht. Der wurdt moandei opnij ûndersyk dien yn de buert. Neffens de plysje binne buertbewenners ferslein troch wat bard is. De mem fan it jonkje sit noch hieltyd fêst. Se is oppakt op fertinking fan belutsenheid by de dea fan har soantsje. Se is heard en der sil wer mei har praat wurde. Ek is al mei meardere tsjûgen praat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)