Fertochte sjitpartij yn Parys

It plak fan de sjitpartij © Alle Faber
Op it fleanfjild fan Parys is in twadde fertochte oanhâlden fan in sjitparty yn Ljouwert. It giet om in 27-jierrige ynwenner fan de stêd. Op sneintemoarn 2 juny waard út in ridende auto wei sketten op Achter de Hoven. Dêrby rekke ien persoan ferwûne. De plysje hie de syktocht nei dizze fertochte ynternasjonaal oanmeld. De man koe dêrtroch by in paspoartkontrôle yn Parys oppakt wurde. Hy sit dêr no fêst, der is al in fersyk dien om him út te leverjen. Earder waarden al fjouwer manlju oanhâlden, mar dy waarden ek wer frijlitten.