Sâltfabryk ûntkent omkeapjen

01 jul 2013 - 12:15

Frisia Sâlt ûntkent dat der sprake wêze soe fan omkeapjen by de ôfspraken dy't makke binne oer de sâltwinning yn Noardwest-Fryslân. Irona Groeneveld fan GrienLinks kaam moandei yn de Steaten mei dy beskuldiging. Sy hat skriftlike fragen steld oer in finansjele bydrage fan 2 miljoen euro fan it sâltfabryk yn Harns, as kompensaasje foar de skea troch de sâltwinning. Frisia soe dy bydrage allinnich jaan, as de provinsje en de gemeenten alle meiwurking jouwe oan sâltwinning ûnder de Waadsee. Neffens Bart Hendriks fan Frisia Sâlt kloppet dat net.

Frisia Sâlt seit dat der wol ôfspraken makke binne, mar dat leit folle yngewikkelder as dat. Boppedat binne de ôfspraken yn 2011 yn alle iepenbierheid makke. Hendriks fynt it frjemd dat no dizze beskuldings komme. Ek soene gjin klaims mear yntsjinne wurde meie, as yn de takomst skea is fan de sâltwinning. Ferantwurdlik deputearre Johannes Kramer moat de grutte twifels fan GrienLinks fuort te nimmen. Kramer hat al oanjûn dat er him net fine kin yn 'e beskuldigings rjochting Frisia Sâlt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)