Wolvegea administratyf sintrum

01 jul 2013 - 10:25
  • FrieslandCampina

Suvelkonsern FrieslandCampina sil de finansjele administraasje fan it hiele konsern de kommende twa jier sintralisearje yn Wolvegea. Dit betsjut dat der op de festiging yn Wolvegea 'inkelde tsientallen' banen bykomme, seit wurdfierder Ter Avest fan FrieslandCampina. Dy banen wurde yn alle gefallen foar in part ynfold troch minsken fan FrieslandCampina dy't fan oare lokaasjes komme.

Neffens Ter Avest is foar Wolvegea keazen omdat de finansjele administraasje dêr no ek al foar in wichtich part dien wurdt.

De administraasje fan oare festigings oerbringe nei Wolvegea soe de nedige 'synergy' opsmite moatte. Op de festiging yn Wolvegea is de nedige ûnderfining en ekspertize oanwêzich om de folsleine fakturearring foar it hiele konsern te fersoargjen, sa is de ferwachting.

Op dit stuit wurkje der al sa'n 320 minsken yn kantoarfunksjes yn Wolvegea en dêr komme dus yn de kommende jieren noch in flink oantal by. De gemeente is wiis mei dy útwreiding. Neffens boargemaster Van Klaveren jout dat oan dat Friesland Campina hoe dan ek yn Weststellingwerf bliuwe wol. Hy hopet dat de útwreiding ek noch mear wurkgelegenheid foar de omjouwing opsmite sil. Al mei al wurkje der sa'n 600 minsken by Friesland Campina yn Wolvegea. Neist it kantoarpersoniel binne der nammentlik ek nochris 300 oan it wurk yn it ferpakkingsfabryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)