'Omkeaperij troch Frisia Sâlt'

01 jul 2013 - 07:05

It liket der op dat de provinsje en de gemeenten Harns en Frjentsjerteradiel omkocht wurde troch Frisia Sâlt. Dat fynt fraksjefoarsitter Irona Groeneveld fan GrienLinks. Sy hat fragen steld oer in bydrage fan 2 miljoen fan it sâltfabryk yn Harns, as kompensaasje foar de skea troch sâltwinning.

Frisia jout de bydrage allinnich, as de provinsje en de gemeenten meiwurkje oan sâltwinning ûnder de Waadsee. Ek meie der gjin kleems yntsjinne wurde as der yn de takomst skea is troch sâltwinning. Dat fynt de partij net kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)