Berenschot ûndersiket plannen

In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen
Akkountantskantoor Berenschot sil de kommende moannen de finansjele plannen trochljochtsje fan de trije inisjatieven foar in topsportlokaasje foar it reedriden. Dat hat de KNSB bekend makke. Earder soe Ernst&Young de berekkeningen dwaan, mar Almere wie it hjir net mei iens omdat dat kantoar ek saken docht foar de provinsje Fryslân.
Omdat it reedrydbûn gjin sinjalen fan belangeferstringeling ôfjaan wol is besletten in nij akkountantskantoar te sykjen. Dat is dus no Berenschot.
Op 8 september moat it ûndersyk klear wêze. Dan wurdt ek de earste gunning bekend makke. Thialf Hearrenfean, Icedôme Almere en TranSportium Zoetermeer ha dan in wike om beswier te meitsjen. Op 15 september wurdt dan de definitive kar bekend makke troch de KNSB.