Oanpak fan 'laaggeletterdheid'

30 jun 2013 - 14:26

Tweintich ferskillende Fryske ynstânsjes - wêrûnder gemeenten, skoallen en bibleteken - ûndertekenje moandei ôfspraken om wat te dwaan oan 'laaggeletterdheid'. Mear as ien op de tsien Friezen is laaggeletterd. Dat betsjut dat se muoite hawwe mei lêzen en skriuwen. Dat is mear as it lanlik gemiddelde. Yn Fryslân is de befolking ek wat âlder. Dêrby binne mear minsken dy't allinnich legere skoalle hân hawwe.

Op inisjatyf fan de stichting lezen en schrijven, leare gemeente-amtners om dit probleem te werkennen by klanten dy't oan de baly komme.

Sy moatte dan troch de amtners wiisd wurde op de mooglikheid om byles te krijen yn lêzen en skriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)