Mem oanhâlden foar dea poppe

30 jun 2013 - 12:18

In 24-jierrige frou út Ljouwert is oanhâlden foar belutsenheid by de dea fan har acht moannen âlde poppe. It jonkje wie swier ferwûne oan de holle. Hy waard út de wenning fan de frou wei nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De poppe ferstoar letter yn it sikehûs yn Grins. Nei ûndersyk is de mem oanhâlden. De plysje docht ûndersyk om dúdlik te krijen wat yn de wenning fan de mem bard is en oft der sprake west hat fan in misdruw. Dit ûndersyk rjochtet him net allinnich op de mem, mar ek op oare minsken dy't yn de wenning oanwêzich wiene.

In team fan acht resjersjeurs is dwaande mei de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)