EK goud Manon Kamminga

29 jun 2013 - 23:36

Manon Kamminga hat op de earste dei fan it Europeesk kampioenskip inline-skaten op de baan fan Almere fuortendaliks goud wûn. De ynwenster fan It Hearrenfean wûn de ôffalkoers oer 10 km. De sterke Nederlânske ploech mei Bianca Roosenboom en âld-Haulster Elma de Vries makke de koers hurd, Kamminga moast it dêrnei ôfmeitsje. Dat slagge doe't Manon Kamminga twa rûntsjes foar de ein útnaaide. Justine Halbout fan Frankryk waard twadde, Sabine Berg fan Dútslân tredde. Elma de Vries waard fiifde.

By de manlju stie Wolvegeaster Crispijn Ariëns krekt njonken it poadium. Hy waard fjirde. De Italiaan Fabio Francolini waard Europeesk kampioen op de 15 km ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)