Sechsde deititel Bart Helmholt

29 jun 2013 - 22:06
  • (fotoympresje)

Bart Helmholt wie sneontejûn foar de sechsde kear dit seizoen de bêste op in earste klasse wedstriid. De fierljepper fan Burgum kaam yn Bûtenpost mei de hakken oer de sleat yn de finale. Syn 17.78 wie krekt genôch. Yn de earste finalesprong sette hy de saken rjocht: 20.86, in skânsrekôr. Oane Galama waard mei 19.62 twadde, Thewis Hobma tredde mei 19.59. By de froulju wie Hilianne van der Wal mei 14.85 de bêste. Age Hulder wûn by de junioaren mei 17.50 en Bobby Zwaagman wie wer de sterkste by de jonges mei 16.38.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)