Stellen motors achterhelle

29 jun 2013 - 17:31

De plysje hat de freedtenacht by Goutum stellen motors sneontemiddei wer weromfûn yn in garaazjeboks yn de stêd Grins. De plysje wie yn Grins op syk nei in motor fan in Ingelske TT-gonger dy't yn Haren stellen wie. Dy motor hie in GPS-transponder. De plysje fûn dy motor wer werom yn in garaazjeboks oan de Pleiadenlaan. Yn dyselde boks stiene ek de motors fan de Frânske TT-besikers dy't by Goutum stellen wiene.

Yn ferbân mei dizze saak hat de plysje in frou (45) út de stêd Grins oanhâlden. De plysje giet út fan mear oanhâldings.

De TT-gongers út Frankryk en Ingelân dy't harren motor misse kinne dizze no wer weromkrije.

Trefwurden: 
motor Goutum stellen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)