V.d. Pal noardlik kampioen

29 jun 2013 - 16:14
  • Stefan van der Pal (argyffoto)

Stefan van der Pal út Ljouwert is sneon yn Stiens noardlik kampioen triatlon wurden. Van der Pal prolongearre dêrmei syn titel. De Ljouwerter atleet wûn de kwart triatlon net sels. Nei 1 kilometer swimmen, 40 kilometer fytsen en 10 kilometer hurdrinnen gie Rob Musters út Oud Gastel as earste oer de streek. Van der Pal waard twadde, mar wie wol de earste noarderling en sadwaande wie de titel foar him.

By de froulju gie de oerwinning nei Anita Valen-de Vries út Zwolle. Noardlik kampioene waard Sanne Tebben-Huisman út Haren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)