Dútske fjochtersbazen oppakt
De plysje yn Snits hat freedtenacht twa Dútsers oanhâlden nei't dy in jonge fan 17 jier út Boazum mishannele hiene. Mei help fan tsjûgen waarden de Dútsers, beiden 22 jier út Essen, oanhâlden yn de Kruizebroederstrjitte.
It duo sit noch fêst sadat de plysje útsykje kin wat der krekt bard is.