Goutum: twa motoaren stellen

29 jun 2013 - 10:40

Ek al hat de plysje freedtenacht de hotels ekstra yn de gaten hâlden, dochs binne der yn Goutum twa motoaren stellen. Twa Frânske besikers fan de TT, dy't yn in hotel oan de Wergeasterdyk oernachten, rekken harren motor kwyt. It giet om in bysûndere swarte Suzuki Hayabusa en in swarte Suzuki GSX. Alle jierren stelle dieven as de TT yn Assen plakfynt wol motoaren.

Oan 'e ein fan de middei kaam it berjocht dat de motoaren wer werom fûn wiene.

Yn Assen waard yn de nacht fan freed op sneon in Yamaha motor stellen yn in wenwyk. Oft dy motor ek fan in TT-gonger wie, koe de plysje net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)