Wijing diaken yn Ljouwert

No't de tsjerken stadichoan hieltyd minder oanhing hawwe, wurdt in wijing ta diaken of priester ek hieltyd mear in útsûndering. Dochs is der sneontemoarn sa'n diakenswijing, yn de katolike Bonefatiustsjerke yn Ljouwert. En hielendal bysûnder is dat de diaken noch mar 24 jier is. It giet om Sander Zwezerijnen, fan oarsprong út Drinte, mar it lêste jier stazjêr yn de Titus Brânsmaparochy yn Ljouwert en dêrfoar yn Dronryp, Frjentsjer, Sint Anne en Harns.
In wijing as diaken is de tarieding op syn oanstelling as pryster, takom jier. De wijing is in bysûndere seremoanje, dy't dien wurdt troch de biskop.