Twadde deade oanfarring Grou

Helptsjinsten binne manmachtich útrukt © 112fryslan.nl, Nynke Tuinstra
De oanfarring fan tiisdei op it Prinses Margrietkanaal by Grou hat it in twadde slachtoffer easke. De 67-jierrige man dy't swier ferwûne rekke is no ek ferstoarn. Syn 64-jierrige frou wie woansdei al ferstoarn.
De plezierboat fan it echtpear út it Limboarchske Lottum wie tsjin in binnenfeartskip botst. Dat wie ticht by kemping Yn 'e Lijte. De oarsaak fan de oanfarring is noch net dúdlik.