Fryske ynset ûndernimmerspriis

Seis bedriuwen út Fryslân sitte yn de heale finale fan de jonge ûndernimmerspriis fan it Noarden 2013. Dit binne Taekema Campers fan De Gordyk, Cumlaude Travel út Snits, Vandaag BSO Sport & Cultuur út Drachten, Haagens Lunchroom út Dokkum, surf en outdoor center It Amelân en Werftalent fan It Hearrenfean. Se moatte it begjin septimber yn in saneamde kick-off opnimme tsjin seis bedriuwen út Grinslân en seis út Drinte. Uteinlik wurde der seis finalisten keazen. Dy finale is dan yn novimber.