'Foarkom stellerij fan motors'

28 jun 2013 - 17:30

De plysje hat hoteleigeners yn de gruttere plakken fan Fryslân ynstruksjes jûn om stellerij fan motors fan TT-besikers yn Assen foar te kommen. Ferline jier waarden der tweintich motors stellen nei oanlieding fan it motorevenemint yn Assen.

Dêrfan waarden 18 fan it terrein fan in hotel yn it Noarden stellen. It gie foaral om motors fan minsken út Ingelân en Denemarken.

Trefwurden: 
stellerij motors TT Assen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)