Wurksfear-rapport komt tiisdei

28 jun 2013 - 16:25

It personiel fan de gemeente Smellingerlân wurdt tiisdei ynformearre oer de útkomsten fan it ûndersyk nei de wurksfear op it gemeentehûs. Neffens in groep amtners en âld-amtners is der sprake fan yntimidaasje troch liedingjaanden. Guon minsken soene fuortnarre wêze of siik thús sitte. De groep kaam mids april mei syn ferhaal nei bûten. Foar boargemaster Van Bekkum wie it oanlieding om Bureau Berenschot ûndersyk dwaan te litten.

Berenschot hat de ôfrûne tiid mei in soad minsken praat en ek in enkête útfierd.

It rapport fan Berenschot wurdt nije wike tongersdeitejûn bepraat yn in riedsgearkomste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)