Fúzje Nij Smellinghe/Antonius

Soarchferliners Nij Smellinghe/Pasana, Antonius en de Kwadrantgroep sille fan juny 2014 ôf fierder ûnder ien bestjoer. Tongersdei hawwe de foarsitters fan de rieden fan bestjoer in yntinsjeferklearring tekene.
Doel fan de fúzje is om goeie betelbere soarch biede te kinnen. Troch it dielen fan kennis kin de kwaliteit fan de soarch omheech. Ek finansjeel is de bestjoerlike fúzje geunstich omdat tenei mienskiplik ynkocht wurde kin. By de ferskate organisaasjes wurkje mei-inoar 13.000 minsken.