Soad lege plakken op kempings

It liket noch net sa bêst mei de besetting fan hotels, fakânsjehúskes en kempings yn Fryslân, no't freed de simmerfakânsje begjint. Yn it súdlike part fan Nederlân krije de bern freed fakânsje. Mei it each op de krisis bliuwe in soad minsken tsjintwurdich yn eigen lân, yn stee fan in reis nei it bûtenlân te meitsjen.
Fryslân liket dêr noch net echt fan te profitearjen en dat komt benammen troch it koele en wiete waar. Op Dútske toeristen liket it waar minder fet te hawwen. want dy komme ek as de sinne net skynt.