Wajongers buorkje achterút

28 jun 2013 - 12:20

Fan 2015 ôf moat in grut part fan de minsken yn de Wajong herkeurd wurde. Wajongers dy't goedkard wurde komme dan yn 'e bystân. Se krije dan minder as yn de Wajong. Dit blykt út it foarstel fan steatssiktaris Jetta Klijnsma foar de nije partisipaasjewet. Gefolch is ek dat der passend wurk foar dizze eks-Wajongers komme moat.

Dit soarget foar ekstra wurk by sosjale wurkfoarsjenning Empatec. En der binne ek soargen oer it legere lean dat minsken krije sille, dy't nei 2015 ynstreame by de sosjale wurkfoarsjenning.

De gemeentes binne fan 2015 ôf miljoenen euro's mear kwyt oan de jong-handikepten. As it oan steatssiktaris Jetta Klijnsma leit komme jong-handikepten dy't noch wurkje kinne yn 'e bijstân, en dy wurdt troch de gemeentes betelle. De útkearing fan jong-handikepten komt no noch fan it ryk. Nije wike sille de earste ûnderhannelings plakfine oer it foarstel fan Klijnsma. Wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert sit dêr by foar de Feriening fan Nederlânske gemeentes. Ekhart makket him soargen oer de finansjele gefolgen fan de partisipaasjewet foar de gemeentes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)