Twivels oer reorganisaasje NDC

28 jun 2013 - 12:02

De fakbûnen twivelje der oan oft de reorganisaasje by NDC mediagroep ferrint lykas ôfpraat is. By NDC, útjouwer fan de Ljouwerter krante en it Dagblad van het Noorden, ferfalle sa'n 300 banen. Ofpraat is dat dizze ûntslaggen plak fine op basis fan it ôfspegelingsmodel. Mar it liket derop dat NDC in eigen systeem tapast dat wetlik net tastien is.

Dêrby wurde minsken dien jûn mei de meidieling dat se letter wer sollisitearje kinne op in oare baan. Fakbûn FNV hat mear as 50 klachten krigen fan wurknimmers fan de sales & marketing-ôfdieling.

Ek op de redaksje bestean twivels oer de ûntslachmetodyk. De fakbûnen sykje it no út. As der saken net kloppe wolle se in spoedoerlis mei de direksje fan NDC media.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)