Krityk ried T'diel op Caparis

28 jun 2013 - 11:23
  • Caparis

In mearderheid fan de ried fan Tytsjerksteradiel fynt dat der foldwaande tafersjoch hâlden is op Caparis. De VVD en GrienLinks tinke hjir oars oer. Sy tsjinnen in moasje fan treurnis yn, mar dy waard tongersdei net stipe. As oandielhâlder moat de gemeente Tytsjerksteradiel tafersjoch hâlde op de sosjale wurkfoarsjenning. VVD en GrienLinks fine it net goed dat de belangeferstringeling by Caparis net sjoen is troch de gemeente.

Foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Caparis is Robert Veenstra, ek de âld-direkteur fan SC Hearrenfean.

Caparis hat twa seizoenen lang in skyboks hierd by de fuotbalklup en sa de klup mei inkelde tonnen sponsore. By Caparis is direkteur Wilco de Vreeze earder al opstapt, omdat er meiwurkers fan syn eigen detasjearringsbedriuw pleatst hawwe soe by Caparis. It Bureau Integriteit is dwaande mei ûndersyk nei it bestjoer fan Caparis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)