Ynteresse foar Lieuwe Westra

28 jun 2013 - 11:23
  • Lieuwe Westra flak foar de start

Hurdfyster Lieuwe Westra fan De Tynje stiet yn de belangstelling fan ferskate hurdfytsploegen. Syn eigen ploech, Vacansoleil-DCM, hâldt op as sponsor, mar Lieuwe hoecht him gjin soargen te meistjen oer syn eigen takomst. De Nederlânske World-Tour-formaasjes Argos-Shimano en Belkin, mar ek twa bûtenlânske ploegen hawwe ynteresse foar Westra.

Westra tekene syn earste profkontrakt yn 2009 by Vacansoleil-DCM. Dit seizoen wûn hy in rit yn 'e Ronde fan Kalifornië. Westra is no op Korsika foar de start fan de Tour de France.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)