Wedzinga foar rjochtbank A'dam

28 jun 2013 - 10:06
  • It gerjochtshôf yn Ljouwert

Wicher Wedzinga, earder riedshear by it gerjochtshôf yn Ljouwert, moat him freed ferantwurdzje foar de rjochtbank yn Amsterdam. Hy soe yn 2007 it geheim fan de riedkeamer skeind ha, troch achternei te sizzen dat er twifels hie oer in feroardieling. Dat wie yn in saak oer de gewelddiedige oerfal op in filiaal fan Geldnet.

Wedzinga kaam yn 2006 yn it nijs doe't er feroardiele waard fanwege mishanneling fan syn freondinne. Hy betocht doe foar himsels de bynamme 'de rammende rechter'. Wedzinga wie freed sels net oanwêzich op de sitting.

Syn advokaat Peter Plasman sei dat de saak tsjin Wedzinga net trochset wurde mei, omdat justysje earder sels al besleat om Wedzinga net te ferfolgjen fanwege ûnfoldwaande bewiis. Justysje mei allinnich op sa'n sepot weromkomme, as der in nije oanlieding is foar de fertinking en neffens Plasman is dy der net.

Justysje wol Wedzinga dochs ferfolgje fanwege in 'wizige ynsjoch', mar neffens Plasman is dat juridysk gjin goeie reden. De rjochtbank docht oer twa wike útspraak oer de beswieren fan Plasman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)