Swart Langstme giet wol troch

28 jun 2013 - 10:02

De rock-opera Swart Langstme, sneon yn Poppoadium Romein yn Ljouwert, giet dochs troch. De opera fertelt it ferhaal fan de leafde tusken de sjonger fan de Frânske rockband Noir Désir en de aktrise Marie Trintignant. De Frânske tak fan platemaatskippij Universal Music woe net dat der covers spile waarden fan Noir Désir en easke dêrom dat de rockopera net spile waard.

De kaartferkeap waard dêrom tongersdei stillein. De organisaasje hat besletten de nûmers fan Noir Désir te ferfangen troch nije, eigen nûmers. Dy wurde freed ynstudearre.

De foarferkeap is yntusken wer iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)