Wommels en Wytmarsum yn finale

Wommels en Wytmarsum keatse freedtejûn de finale fan it 15e Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote op it Plein fan Easterlittens. Wommels hie it yn de heale finale net al te dreech tsjin Easterein. De winner fan 2012 wûn mei 8-2. De twadde heale finale wie spannend en moai. Easterlittens, al fjouwer kear de bêste yn eigen doarp, naam tsjin Wytmarsum in 6-2 foarsprong. Doe krige Wytmarsum de guit en pakte de winst mei 8-6.
De finale begjint freed om 19.30 oere. De winner krijt de wikselpriis 'it pealtsje fan Easterlittens'.