'Mear foarlêze yn it Frysk'

Heiten en memmen en pakes en beppes soene mear foarlêze moatte yn it Frysk. Dat helpt om de Fryske taal oerein te hâlden. Dat is ien fan de konklúzjes fan in ûndersyk nei it keap-, lês- en liengedrach fan boeken yn Fryslân, yn opdracht fan it Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân. Dêr sitte ûnder oare ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin, de Afûk en de Stichting Lezen yn.
In mearderheid fan de 500 minsken dy't meidien hat oan dat ûndersyk lêst foar yn it Frysk. En dat wol it Platfoarm no as útgongspunt nimme om it Frysk lêzen te befoarderjen.