Wer strânbibleteek by Makkum

27 jun 2013 - 20:31

Op it strân by de Holle Poarte yn Makkum is ek dizze simmerfakânsje wer in bibleteek ynrjochte. Dat is foar it sânde jier op rige. Besikers kinne sûnder paske in boek liene en dat oan de ein fan de dei wer ynleverje. De bibleteek hat in kolleksje fan dik twatûzen boeken, kranten en tiidskriften, foar folwoeksenen en jeugd. Der binne ek Dútsktalige boeken, foar de Dútske badgasten. De meiwurkers fan de strânbibleteek organisearje boppedat alle woansdei- en sneontemiddeis in aktiviteit foar de jeugd. De strânbyb is der oant en mei 25 augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)