'Sa gau mooglik fusearje'

Gemeentehûs Frjentsjerteradiel
De gemeente Frjentsjerteradiel moat sa gau mooglik fusearje mei It Bilt en Menameradiel. Dat fine de fraksjes fan de PvdA, Gemeentebelang, CDA, VVD en D66 yn de ried fan Frjentsjerteradiel. Se tsjinje der tongersdeitejûn in moasje oer yn by de riedsgearkomste. De partijen komme mei har inisjatyf nei it referindum yn Harns ferline wike. Dêr die út bliken dat in grutte mearderheid fan de Harnzers selsstannich bliuwe wol.
De oare gemeenten ha al útsprutsen dat se ek sûnder Harns mei-inoar fierder wolle.
De fúzje moat sa gau mooglik regele wurde, fine de partijen. Harns moat de mooglikheid hâlde oan te heakjen, as de gemeente dêr ea nochris foar kiest.