Drokte by plysje troch moarden

27 jun 2013 - 15:22
  • Plysje-embleem

De plysje Noard-Nederlân hat it dizze dagen ferskuorrende drok mei in soad grutte saken dy't in protte kapisiteit kostje. De lêste twa saken dy't der by kamen, wiene de deade en ferbaarnde man by de Tsjûkemar en de dea fan Anne de Boer yn dak-en thúsleaze-opfang de Terp yn Ljouwert. Yn Fryslân giet it no om sa'n fiif grutte ûndersiken en yn hiel Noard-Nederlân noch mear. Der moat eins net noch in saak by komme, oars moatte der neffens plysjewurdfierder Dirk Neef oare plysjekorpsen mei helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)