130 km de oere op sneldyk A32

Op hast de hiele A32 mei fan freed ôf 130 kilometer yn de oere riden wurde. Dat hat Rykswettersteat bekendmakke. Allinnich by it knooppunt Hearrenfean jildt oerdei in beheining fan 100 kilometer yn de oere. Oant no binne der op it trajekt allegear útsûnderingen, bygelyks tusken It Hearrenfean-Súd en Akkrum. Ek by Meppel Noard mei gjin 130 mar 120 riden wurde. Dat bliuwt ek noch sa.
Rykswettersteat ferheget op mear plakken yn Nederlan de snelheid, lykas op de A5 en de A4. Rykswettersteat wol sa soargje foar mear dúdlikheid foar de autobestjoerders.