Debat oer situaasje Caparis

Wie der sprake fan belangeferstringeling tusken Caparis en SC Hearrenfean? Dat freegje VVD en GrienLinks fan Tytsjerksteradiel har ôf. De partijen wolle de kwestje tongersdei oan de oarder stelle yn in riedsgearkomste. Foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Caparis is Robert Veenstra, ek de âld-direkteur fan SC Hearrenfean. Caparis hat twa seizoenen lang in skybox hierd by de fuotbalklup en sa de klup mei inkele tonnen sponsore. De partijen hawwe in ynterpellaasjedebat oanfrege, om de misstannen by wurkfoarsjenning te bepraten.
Se freegje oft it kolleezje, as oandielhâlder, wol goed tafersjoch hâlden hat op de lieding fan Caparis. En oft der wol genôch dien is om finansjele misstannen foar te kommen. By Caparis is direkteur Wilco de Vreeze earder al opstapt; hy waard beskuldige fan belangeferstringeling, omdat er meiwurkers fan syn eigen detacheringsbedriuw pleatst hawwe soe by Caparis.