Sân jier sel foar mishanneling

Tsjin in man út Ljouwert is troch it gerjochtshôf yn Ljouwert sân jier selstraf easke foar de swiere mishanneling fan twa minsken yn Harns. Dat wie yn septimber ferline jier by de fiskerijdagen. De Ljouwerter is earder troch de rjochtbank al feroardiele ta deselde straf. It hôf sjocht gjin reden om hjir fan ôf te wiken. It giet neffens it gerjochtshôf om in earnstige saak wêrby deaden fallen kinnen hienen. Der wie beslist gjin sprake fan needwar.
De advokaat fan de fertochte is it hjir net mei iens, omdat neffens him syn kliïnt net fuortkomme koe.