Fyts stellen op stasjon Grou

27 jun 2013 - 10:20

De plysje hat woansdeitejûn in 40-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in fyts. Earder op 'e jûn waard in fyts stellen op it treinstasjon yn Grou. Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat de fyts op it hiem fan in wenning yn Jirnsum stie. De Ljouwerter bekende dat hy yndie de fyts meinaam hie fan it stasjon. De man is nei it plysjeburo brocht en foar fierder ûndersyk fêstsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)