Man fan syn laptop berôve

27 jun 2013 - 10:10
  • Plysje-embleem

In 22-jierrige man út De Knipe is woansdei yn Oranjewâld fan syn laptop berôve. Hy fytste mei de kompjûter oer de Emmaleane doe't er ynhelle waard troch twa mannen op in scooter. Ien fan de mannen luts de laptop út syn hannen, de man foel en de scooterriders naaiden út. It slachtoffer koe noch krekt sjen dat de bestjoerder in donker trainingspak oan hie mei wite streken oan de sydkant. Hy hie in swarte helm op.

Mooglik is hy in jier as 18, mei in fyn postuer en in tinte hûdskleur. De jonge achterop de scooter wie in jier as 16.

De plysje hat noch in burgernetaksje ynsetten, mar de dieders binne net fûn.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)