Lisanne Hulder ljept rekôr

© Omrop Fryslân
Lisanne Hulder hat op de skâns fan De Jouwer woansdeitejûn in nij skâns- en persoanlik rekôr ljept. Se kaam nei 15.92 meter yn it sânbêd. It âlde rekôr stie fan earder dit seizoen ek al op har namme. Oane Galama wûn by de senioaren mei 19.12, Bart Helmholt waard twadde mei 18.72. De winst by de junioaren wie foar Age Hulder mei 18.20. Bobby Zwaagman wie de bêste by de jonges mei 17.23.