Frou boatûngelok ferstoarn

Helptsjinsten binne manmachtich útrukt © 112fryslan.nl, Nynke Tuinstra
De 64-jierrige frou dy't tiisdei ferwûne rekke by it boatûngelok by Grou is ferstoarn. Dat hat de plysje witte litten. De frou en har 67- jierrige man kamen yn oanfarring mei in binnenfeartskip op it Prinses Margrietkanaal. It echtpear út it Limboarchske Lottum rekke yn it wetter. Se binne troch de helptsjinsten oan de kant holpen en dêr reanimeard. Letter binne se nei it sikehûs brocht. It ûndersyk nei hoe't it ûngelok gebeure koe kin noch wol wiken duorje.